Moetingen tusken flechtlingen en gastgesinnen ferrinne goed

22 nov 2015 - 13:29

De 'Meet and Eat'-aksje fan sneontejûn is goed ferrûn. Sa'n 250 flechtlingen dy't yn it WTC-Expo yn Ljouwert ferbliuwe, ha rûnom yn Fryslân iten by gastgesinnen. De flechtlingen ha in moaie jûn hân, guon ha mei elkoar iten sean, oaren seagen nei de wedstriid fan Cambuur of dienen spultsjes. In soad minsken ha telefoannûmers útwiksele en sille kontakt hâlde.

Foar dielname oan de aksje, organisearre troch de wurkgroep 'Meet and Eat' yn gearwurking mei stichting Present, wie by flechtlingen en gastgesinnen in soad animo. In lytse 170 gastgesinnen hienen har oanmeld, wylst sa'n 100 nedich wienen.

Doel fan aksje wie om flechtlingen in pear oeren út de opfang te heljen en by in miel meielkoar yn kontakt te kommen. Neffens inisjatyfnimmer Elske Riemersma wie de aksje in sukses. Mooglik komt der in ferfolch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)