Plysje pakt byrider fan stellen auto yn Kollum

22 nov 2015 - 12:34

Yn Kollum hat de plysje sneontenacht in 17-jierrige ynwenner fan de gemeente Kollumerlân oanhâlden. Hy wurdt mei in freon fertocht fan it stellen fan in auto by in bedriuw oan de Phaesemawei yn Kollum.

De plysje seach it duo op in parkearterrein by in supermerk oan de Mr. Andreaestrjitte riden. By it sjen fan de plysjes setten de jonges de auto stil en naaiden se út. De byrider koe yn de Foarstrjitte oanhâlden wurde. Hy ferklearre dat hy neat mei de stellerij te krijen hie. De bestjoerder wurdt noch socht.

Trefwurden: 
plysje Kollum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)