Plysje hâldt ynbrekkerstrio oan yn Ljouwert

22 nov 2015 - 11:50

De plysje hat sneontemiddei yn Ljouwert trije manlju oanhâlden op fertinking fan ynbraak. Twa mannen út Ljouwert fan 47 en 38 jier en in 54-jierrige man út Almere waarden betrape by de Eillartsstrjitte. In buertbewenster warskôge de plysje nei't sy hearde dat in rút fernield waard.

De plysje wie rap te plak en koe it trijetal oan de hân fan it sinjalemint oanhâlde. De manlju binne nei it plysjeburo brocht. De plysje docht fierder ûndersyk nei de saak. It rút fan de achterdoar wie fernield. It is net bekend oft guod meinaam is.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)