UNIS Flyers wint sûnder tsjingoal yn Dordrecht

22 nov 2015 - 11:03

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe ek de twadde wedstriid fan it wykein mei winst ôfsletten. Yn Dordrecht waarden de Lions sneontejûn mei perioadestannen fan 0-2, 0-1 en 0-1 ferslein, de earste 'shut out' fan it seizoen. Dat wol sizze gjin tsjingoals. Troch de winst bliuwt de klup koprinner yn de BeNe-league.

De Feansters pakten freed ek al de winst tsjin de Zoetermeer Panters. Yn it fernijde Thialf-iisstadion waard it 3-2 foar de thúsploech. Freed treffe de Flyers har ex-coach Chris Eimers yn de útwedstriid tsjin Den Haach

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)