Buske rekket fan de dyk by De Gordyk

22 nov 2015 - 09:47

Op de Hegedyk by de Gordyk is sneontejûn in buske yn it wetter bedarre, nei in ûngelok. De bestjoerder rekke dêrby ferwûne en is nei it sikehûs brocht. Hoe't it buske fan de dyk reitsje koe, is noch net dúdlik. Ferskate helptsjinsten, lykas de brânwacht, ambulânse, plysje en de traumahelikopter waarden oproppen. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)