Trije ferwûnen by botsing Frjentsjer

22 nov 2015 - 09:35

Op de krusing fan de Burgemeester Dijkstraweg en de tagongsdyk nei it Skalsumerplan yn Frjentsjer binne sneontejûn trije persoanen ferwûne rekke by in ûngelok. In buske en in auto wiene opelkoar botst. Twa fan de ferwûnen sieten yn it buske, de oare yn de auto.

Ien fan de slachtoffers rekke beknypt en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Ek waard in traumahelikopter oproppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)