Hagelbui by Dronryp: Auto fan de dyk

22 nov 2015 - 09:28

Op de A31 by Dronryp is yn de nacht fan sneon op snein om healwei trijen in auto fan de dyk rekke en oer de kop flein. It wie op dat stuit sjippeglêd troch hagelbuien. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre earst yn in greppel en úteinlik yn de sleat. De bestjoerder is troch in ambulânse nei it sikehûs brocht. In berger hat de auto út de sleat lutsen en fuortsleept.

Op hast itselde plak wie earder op de jûn ek al in ûngelok. Doe rekke in buske troch de glêdens fan de dyk.

Trefwurden: 
auto-ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)