SC Cambuur krijt pak op 'e bealch fan Ajax

21 nov 2015 - 23:08

SC Cambuur hat net foar in stunt soargje kind yn de Amsterdam Arena. De Ljouwerters giene kânsleas ûnderút tsjin Ajax mei 5-1. Joël Veltman iepene de skoare yn de 25ste minút mei in kopbal. Twa minuten letter kaam Cambuur ferrassend op likense hichte. Sander van de Streek kopte de foarset fan Narsingh efter doelman Cillessen. Mar fjouwer minuten letter sette de Poal Arek Milik de Amsterdammers wer op foarsprong. Noch foar it skoft skoarde Davy Klaassen noch twa kear en wie de wedstriid spile. Amin Younes bepaalde úteinlik de einútslach.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)