Berga en Van der Molen winne maraton Hearrenfean

21 nov 2015 - 22:11

Ingmar Berga hat op It Hearrenfean de maraton wûn. Hy wûn de sprint fan in kopgroep fan acht man. Thom van Beek waard twadde. Toppers lyk as Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Erik Jan Kooiman wiene der net troch de wrâldbeker yn Salt Lake City. De Drent Berga pakte troch de overwinning ek de lieding yn it klassemint.

De winst by de froulju gong nei Jade van der Molen. De Alkmaarse, wennet op It Hearrenfean, pakte solo in ronde foarsprong. Carla Ketellapper wûn de sprint fan it peloton. Corina Strikwerda fan Feanwâlden waard sechsde.

De winst yn de massastart gong ferrassend nei Suzanne Schulting. De 18-jierrige shorttracker fan De Tynje bleau yn de einsprint maratonriders as Carla Ketellapper en Kelly Schouten foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)