Fjirde klasser AVC stunt yn beker tsjin haadklasser Urk

21 nov 2015 - 16:52

De fuotballers fan AVC út Seisbierrum binne op spektakulêre wize in ronde fierder kaam yn de amateurbeker. De koprinner yn de fjirde klasse A wûn sneon nei penalty's fan haadklasser Urk.

Nei 90 minuten spyljen stie der in 1-1 stân op it boerd. Nei't Urk op foarsprong kaam wie, soarge AVC-spits Tjibbe Haitsma yn de slotminuten foar de ferrassende lykmakker. Strafskoppen moasten dêrom de beslissing bringe.

AVC-keeper Maikel Hartman soarge foar in stunt troch de Urkers mei 3-2 nei hûs te stjoeren. De ploech fan trainer Wichard de Haan is dêrmei in ronde fierder yn de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)