Steuring KPN likernôch foarby

21 nov 2015 - 14:39

De steuring by KPN is sûnt it begjin fan sneontemiddei hast hielendal foarby. Op 10.000 abonnees nei, kinne de 1,8 miljoen klanten wer televyzje sjen.

De lanlike steuring begûn freedtemoarn. Televyzje, ynternet en telefony hiene der lêst fan. De measte problemen wiene yn de rin fan freedtemoarn ferholpen, allinnich televyzje sjen gie noch net.

It bedriuw tinkt noch nei oer in gebaar nei de klanten. De programma's fan freedtejûn en sneontemoarn kinne fergees werom sjoen wurde. Der wurdt noch socht nei de oarsaak fan de steuring.

Trefwurden: 
KPN steuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)