Soargen by sportferienings Achtkarspelen oer nij sportbelied

21 nov 2015 - 13:17

Sportferienings yn Achtkarspelen meitsje harren noch hieltyd bot soargen oer it nije sportbelied dat der takom moanne oan sit te kommen. De gemeente wol nammenlik dat ferienings tenei oanspraaklik binne foar ûngelokken op harren sportterrein. 

Deadlik ûngelok yn Twizel
Oanlieding is in deadlik ûngelok op in sportfjild yn Twizel ferline jier. Doe kaam in famke fan tsien jier om it libben kaam, doe't in dug-out ynstoarte. 

De sportferienings binne bang dat it oantal frijwilligers weromrint troch de nije maatregel. Der is noch in alternatyf wêrby't de gemeente oanspraaklik bliuwt, mar dan moatte de ferienings foar de fersekeringskosten opdraaie. Mei as gefolch dat de kontribúsjes omheech moatte om 'e kosten te dekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)