Dronken automobiliste botst tsjin oplaadpeal Snits

21 nov 2015 - 08:48
De oplaadpeal rekke swier skansearre troch de auto dy't derop botste

In 19-jierrige frou út Snits is freedtejûn oanhâlden nei't se mei har auto op de Lemmerwei tsjin in oplaadpunt foar elektryske auto's botst wie. Al gau die bliken dat de frou fierstente folle dronken hie. Derneist hie se gjin rydbewiis. De oplaadpeal rekke swier skansearre.

(advertinsje)
(advertinsje)