UNIS Flyers wint fan Zoetermeer Panters

20 nov 2015 - 22:13

Koprinner UNIS Flyers hat freedtejûn mei 3-2 wûn fan de Zoetermeer Panters. Yn Thialf waarden de tsjinstanners út Zoetermeer fia de perioadestannen 0-0, 1-1 en 2-1 mei in lyts ferskil ferslein. De ploech fan coach Mike Nason kaam yn de twadde perioade op efterstân troch in penalty fan ex-Flyer Jurryt Smit. Marco Postma makke de lykmakker. Yn de tredde perioade soargen Pippo Limnell en Ronald Wurm foar 3-1. Flak foar tiid makke Smit it noch spannend. Troch de oerwinning bliuwt de klup fan It Hearrenfean koprinner yn de BeNe-league.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)