Twatalige Friezen knappe faker op fan beroerte

20 nov 2015 - 21:54

Twatalige Friezen hawwe mear kâns om op te knappen fan in beroerte as Nederlanners dy't mar ien memmetaal hawwe. Dat meldt NU.nl nei oanlieding fan in Skotsk ûndersyk. De ûndersikers sochten út hoe't 100 minsken nei in beroerte opknapten. 40 prosint fan de meartalige minsken funksjonearre wer normaal tsjinoer 20 prosint fan de ientalige minsken.

De ûndersikers stelle dat twatalige minsken skeakelje moatte fan de iene nei de oare taal. Dy omskeakeling is in goeie wize om de harsens te trainen, nei in beroerte. 

Deselde ûndersikers toanden earder al oan dat twatalige minsken faak pas op lettere leeftyd lêst fan demintens krije as ientalige minsken.

Trefwurden: 
twatalich beroerte Friezen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)