Man oanhâlden foar bedriging op It Hearrenfean

20 nov 2015 - 19:34

In 30-jierrige man út Aldskoat is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden op de Van Kleffenslaan op It Hearrenfean. Hy soe in 23-jierrige man út de gemeente De Fryske Marren op de Abe Lenstra Boulevard mei in mes bedrige ha.

De fertochte rûn in groepke freonen foarby en miende dat der wat tsjin him sein waard. De man bedrige doe ien fan harren mei in mes. De 23-jierrige man soe tuskenbeiden kaam wêze om te bemiddeljen. De plysje hat de man út Aldskoat oanhâlden, mar trof gjin mes oan. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)