Grutte steuring KPN: Friezen ûnderfine ek hinder

20 nov 2015 - 17:38

In part fan de KPN-klanten yn Fryslân hat freed te krijen mei in grutte steuring. In soad minsken hawwe op it stuit noch altyd problemen, benammen minsken mei digitale televyzje.

Neffens in wurdfierder fan de KPN wiene der netwurkproblemen. Hjirtroch wurken tv, ynternet en de fêste tillefoan net optimaal. Mobile tillefony waard net troffen troch de steuring.

De problemen diene har benammen foar yn Midden-Nederlân, mar ek yn Fryslân wienen der minsken dy't hinder ûnderfûnen. KPN hat de hiele middei en in part fan de jûn dwaande west mei werstellen fan it netwurk. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)