Winner Tafel 18 bekendmakke yn spannende finale

21 nov 2015 - 17:41

Nei in spannende finale is Gesina Goudberg de winner wurden it programma Tafel 18. Dêrmei mei de 51-jierrige Grouster harsels de bêste amateurkok fan Fryslân neame. Gesina wûn de finale op ien-tsiende punt fan Evert Matla (48) út Warkum. Tredde waard Michiel de Waal (37) út Harns. Gesina reagerret ferrast: “Dit hie ik echt net ferwachte. De oare twa binne sa goed, ik hie nea tocht dat ik dy ferslaan koe. In geweldige ferrassing.”

Heech nivo

De kandidaten fan Tafel 18 lieten in heech nivo fan itensieden sjen. Sjueryleden Albert Kooy en Ypie van der Lei wiene bot te sprekken oer de kwaliteit dy’t de kandidaten sjen lieten. “Het niveau van alle drie de finalisten is echt heel hoog. Stuk voor stuk hebben ze ons gerechten laten proeven die je alleen in toprestaurants krijgt. Omdat het geen profs zijn laten ze links en rechts nog wel eens een steekje vallen, maar we hebben veel gerechten gezien die veel beter waren dan wat je in een gemiddeld restaurant krijgt”, sa lit sjefkok Albert Kooy witte.

Trije gongen

Yn de finale moasten de kandidaten in trije gongen menu meitsje. De sjueryleden beoardielen tegearre mei in publykssjuery de trije gongen menu’s fan de kandidaten. Gesina skoarde goed mei har foar- en haadgerjocht, by it dessert liet sy lykwols punten lizze. Kandidaat Evert Matla makke it noch hiel spannend yn de finale want, ek hy skoarde heech. Hy liet lykwols punten lizze by it foargerjocht. Al wie de sjuery wol bot te sprekken oer it foargerjocht fan Evert, de publykssjuery wie minder entûsjast.

Neist dat Gesina no de titel ‘Bêste amateurkok fan Fryslân’ fertsjinnet, kriget Gesina ek in spesjaal foar Tafel 18 makke servys fan Lies Keramiek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)