Gemeenten easkje mear jild fan it Ryk foar opfang

20 nov 2015 - 16:00

Gemeenten bondelje de krêften en easkje mear jild fan it Ryk foar de krisisopfang fan flechtlingen. De fergoeding dy't it COA oan de gemeenten jout, is fierstente leech. En dêrtroch sjitte gemeenten der foar tsientûzenen euro's by yn. De gemeenten besykje no fia de Vereniging Nederlandse Gemeenten, de VNG, de kosten te ferheljen op it Ryk.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean makket ek diel út fan dizze taskforce fan de VNG. Neffens him hat syn gemeente in tekoart fan sa'n 70.000 euro troch de opfang.

Fergoeding per flechtling
It Hearrenfean fong earder seis dagen lang 200 flechtlingen op. Hjirfoar jout it COA in fergoeding fan 40 euro per flechtling per nacht. Ut ûndersyk fan de VNG hat lykwols bliken dien dat de kosten gemiddeld útkomme op 100 euro per flechtling per nacht.

Te leech
Harns en Hearrenfean wienen de earste Fryske gemeenten mei krisisopfang foar flechtlingen. De bestjoerders ha fuortendaliks oanjûn dat de fergoeding te leech wie. Om't it COA net ekstra betelje woe, hawwe de Fryske gemeenten de kosten foar de oare opfanglokaasjes (wêrûnder Gerkeskleaster, Warkum en Kollum) dield. Van der Zwan is derfan oertsjûge dat de gemeenten ekstra jild loskrije kinne by it Ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)