Nasjonaal Harmony kampioenskip komt yn 2016 nei Drachten

20 nov 2015 - 15:31

De Organisaasje fan Muzykferienings Fryslân (OMF) organisearret takom jier foar it earst in Iepen Nasjonaal Harmony kampioenskip. De lanlike muzykorganisaasjes besochten earder ek al in NK foar harmony-orkesten te organisearjen, mar dat gong oant twa kear ta net troch.

It earste NK fynt 5 novimber takom jier plak yn skouboarch De Lawei yn Drachten. Dat plak is keazen fanwege de goeie akoestyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)