Gjin sneltsjinst Flylân en Skylge fanwege waarsferwachting

20 nov 2015 - 15:24
De sneltsjinst fan Rederij Doeksen - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Rederij Doeksen hellet sneon oan de ein fan de middei de sneltsjinst út de feart, fanwege de waarsferwachting.

It giet om de sneltsjinst fan 17:25 oere fan Harns nei Flylân, en dy fan Skylge nei Flylân om 18:20 oere, dy't dêrnei normaal trochfart nei Harns. Yn stee dêrfan is der in ekstra feartsjinst om 17:00 oere fan Flylân nei Harns en om 19:00 oere fan Harns nei Flylân.

Trefwurden: 
Doeksen sneltsjinst
(advertinsje)
(advertinsje)