Omrop TIP: In monumintsje foar Jan Abrahamse

21 nov 2015 - 07:19

De Waadferiening bestiet dit jier fyftich jier. In grut part fan de turbulinte skiednis fan de feriening waard fan tichtby meimakke en sels ‘makke’ troch Jan Abrahamse. Hy wie sûnt de jierren tachtich de driuwende krêft achter it Waddenbulletin.

Waadrinpionier

Abrahamse wie ek ien fan de oprjochters fan de Waadferiening. Hy wie yn 1957 ien fan de earste waadrinners en helle yn 1962 mei de earste, tige gefaarlike oerstek fan Teksel nei Flylân, tegearre mei Jaap Buwalda, de lanlike parse. Oer de jierren hinne wist Abrahamse op ynspirearjende wize natuer, kultuer en keunst benammen fia fotografy mei-inoar te ferbinen.

Monumintsje

Dokumintêremakker Thom Verheul siket syn kornuten, eks-collega’s en âld-steatssekretaris Wim Meijer op. Oan de hân fan harren ferhalen sketst hy in portret fan Jan en de skiednis fan ien fan de grutste lobbyklups fan Nederlân. Abrahamse ferstoar yn 2013. Freonen fan Jan hawwe foarige moanne op Skiermûntseach in monumintsje foar him oprjochte. Yn in tocht oer it waad waard it slútstik fan it keunstwurk nei it eilân oerdroegen.

De dokumintêre 'In monumintsje foar Jan Abrahamse' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)