SC Cambuur-oanfaller Houtkoop yn de ferdigening tsjin Ajax

20 nov 2015 - 14:07

Xander Houtkoop begjint sneon as linkerferdigener by SC Cambuur yn de wedstriid tsjin Ajax. Troch blessueres fan Martijn van der Laan en Vytas Andriuskevicius moat oanfaller Houtkoop harren efteryn ferfange. 

Blessuereleed by Cambuur
Trainer Henk de Jong kin neist Van der Laan en Vytas ek noch hieltyd net beskikke oer de oare blessueregefallen Bartholomew Ogbeche, Calvin Mac-Intosch, Marlon Pereira en Sjoerd Overgoor. 

Kai Heerings komt werom fan in blessuere, mar begjint op 'e bank. Dêr sil reservekeeper Harm Zeinstra sneon net sitte, hy gie freed op 'e training troch it ankel. Dêrtroch sit André Krul tsjin Ajax as reservekeeper op 'e bank.

Mooglike opstelling tsjin Ajax
SC Cambuur: Leonard Nienhuis; Djavan Anderson, Wessel Dammers, Marvin Peersman, Xander Houtkoop; Erik Bakker, Sander van de Streek, Jamiro Monteiro; Furdjel Narsingh, Martijn Barto, Jack Byrne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)