Mega muzykfestival yn 2018 nei Snits

20 nov 2015 - 11:21

Snits krijt in mega muzykfestival yn 2018. It European Youth Music Festival strykt yn it Kulturele Haadstêd-jier mei himelfeart del yn de Wetterpoartestêd.

It festival duorret fiif dagen. Der sille dy dagen sa'n tûzen optredens wêze troch de hiele stêd, fersoarge troch fiif- oant achttûzen jonge muzikanten út ferskate lannen.

Kosten fan it festival

It festival is twajierliks en hat stêden as Munchen en Budapest al oandien, mar is takom jier ek yn San Sebastian dat dan Kulturele Haadstêd is. De begrutting foar it festival is 1,4 miljoen euro. 150.000 euro wurdt troch KH2018 betelle, de rest moat troch sponsors, oerheden en fûnsen bymekoar brocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)