Beamhuttebouwers Burgum meie op petear komme by boargemaster

20 nov 2015 - 09:44

Boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel noeget Jort en Willem út Burgum út foar in petear op it gemeentehûs. De twa jonges bouden in beamhutte yn Burgum-West, mar doe't dy klear wie, die bliken dat de beam net fan de gemeente wie, mar fan in partikulier. En dy hat de beamhutte slope litten.

De jonges krigen de rekken foar dizze wurksumheden. Dêrop skreaunen de twa in brief nei de gemeente: "Wij hadden een hele mooie hut gebouwd. Daar hebben wij heel veel werk, tijd en geld ingestoken. Nu is onze hut gesloopt, terwijl twee van uw collega's ook nog gezegd hadden dat we daar een hut mochten bouwen. Kunnen jullie de kosten vergoeden?".

Op fersyk fan it CDA sil de boargemaster no sjen hoe't er dit oplosse kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)