Amerikaanske hotelketen komt spesjaal foar Stenden-stazjêres

19 nov 2015 - 19:37

Njoggenhûndert studinten en 53 bedriuwen út sa'n tsien lannen wiene tongrsdei byelkoar yn de hegere hotelskoalle fan Stenden yn Ljouwert. Dêr waard in staazjebeurs hâlden. Twadde- en treddejiersstudinten praten mei hotel- en fakânsjeparkketens oer staazjeplakken.

Ien fan de gasten wie in fertsjintwurdiger fan Continental Hotels út it Amerikaanske Boston. Sy wolle allinnich mar studinten fan Stenden as stazjêres. Earder sochten se kontakt fia skype en mail, mar it persoanlike kontakt foldocht se folle better.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)