Iepenbier Ministearje blunderet wer mei oproppen

19 nov 2015 - 18:19

It Iepenbier Minstearje hat tongersdei wer in flater makke by it oproppen fan fertochten. Twa oproppen wiene net goed ûndertekene of hielendal net ûntfongen troch de fertochten. Dêrtroch moast in saak by de rjochtbank Ljouwert oanholden wurde. De saak tsjin twa manlju dy't fan ferskate misdriuwen fertocht wurde, koe no net behannele wurde. It IM sprekt fan in administarive flater en dat hie net moatten, seit in wurdfierster.

Twa wike lyn gie it ek al mis doe't in fertochte yn de Tsjûkemar-moardsaak net oproppen waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)