Syryske flechtlingen binne oandien troch oanslaggen

19 nov 2015 - 17:17

De oanslaggen yn Parys hawwe ek grutte yndruk makke op flechtlingen dy't yn Nederlân binne. Dat jildt ek foar Mohammed Adzjali út Syrië, hy ferbliuwt mei syn gesin yn Oranje. It griisde him oan, doe't hy de bylden seach. Hy is bang dat it in negative ynfloed hat op hoe't Nederlanners tinke oer flechtlingen, mar hat ek soargen oer syn famylje yn Syrië.

Mohammed wol sjen litte dat hy sels fan goede wil is. En hy hopet dat ek oer te bringen. Hy besiket ûnder oare sa gau mooglik Nederlânsk te learen. Hy is hiel tankber dat hy hjir opfongen is.

It doarp dêr't hy weikomt wurdt de lêste wike bot bombardearre. Syn heit en mem binne al ferhuze nei in oar doarp fierder fuort. Dat makket it dreech, mar hy is foaral bliid dat hy en syn gesin feilich binne. Mohammed fynt it ûnbegryplik dat der flechtlingen binne dy't kleie oer de omstannichheden hjir.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)