Presidint hôf: "Rjochtspraak bliuwt yn Ljouwert"

19 nov 2015 - 16:11

"De takomst fan de rjochtspraak is goed fêstlein yn de takomstplannen fan it hôf Ljouwert-Arnhem". Dat seit presidint Van der Winkel fan it hôf as reaksje op de brânbrief fan kommissaris fan de Kening Jorritsma en boargemaster Crone oan de Twadde Keamer. Dêryn skriuwe se dat se bang binne dat de rjochtspraak op termyn ferdwynt nei Grins.

Fryske advokaten stypje dizze brief, sy fine dat Ljouwert al lang gjin justysjestêd mear is. In soad Fryske saken wurde no al yn Grins, Almelo of Zwolle behannele.

Van der Winkel seit dy soargen net te dielen en is ek net op de hichte fan de brânbrief. Hy seit ek dat de wurkgelegenheid yn Ljouwert fierder net yn gefaar is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)