KNRM rêdt frou út de Iselmar

19 nov 2015 - 15:14

Frijwilligers fan de KNRM ha tongersdeitemoarn by De Lemmer in frou út de Iselmar rêden. De frou wie fan in frachtskip fallen doe't se foarop mei de trossen dwaande wie. Se koe noch krekt nei in peal taswimme, dêr't se har oan beethâlde koe. Omdat de wettertemperatuer fan it Iselmar sa'n 11 graden is, wie de frou swier ûnderkuolle rekke. De KNRM hat de frou út it wetter helle, en waarme tekkens jûn. Mei de rêdingsboat hawwe se har nei in klearsteande ambulânse brocht. Op it stuit giet it wer goed mei de frou.

Trefwurden: 
KNRM Iselmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)