Provinsje wol ek bettere regeling skea gas- en sâltwinning

19 nov 2015 - 12:42

De omkearing fan de bewiislêst foar skea troch ierdbevingen yn Grinslân soe ek jilde moatte foar gas- en sâltwinning yn Fryslân. Dat fynt it provinsjebestjoer. Omkearing fan de bewiislêst betsjut dat winningsbedriuwen bewize moatte dat se de skea net feroarsake ha.

No is it sa dat je as partikulier of bedriuw sels bewize moatte dat jo skea troch bygelyks gaswinning komt. De nije oanpak jildt aanst foar Grinslân, hat minister Kamp besletten op oantrún fan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)