Net soad opûnthâld Frânske grins foar Fryske transportsektor

19 nov 2015 - 11:47

Fryske transportbedriuwen ha noch net folle lêst fan de ferskerpe kontrôles yn Frankryk, nei oanlieding fan de oanslaggen yn Parys. Dat lit Transport en Logistyk (TLN) yn in reaksje witte. De kontrôles oan de Frânske grins soargje foar files fan mear as tweintich kilometer. Omdat der minder tolhuzen iepen binne, moat al it ferkear troch in smelle trechter.

Neffens transportbedriuw Veenstra út Heech ha se hjir en dêr lêst fan in fertraging fan minimiaal in oere.

'Mar der bestiet yn Frankryk begryp foar sjauffeurs dy't harren fracht letter oanleverje. Dêrneist nimme sjauffeurs wegen dêr't it minder drok is', seit in meiwurker fan Veenstra. Yn Parys begjint op 30 novimber de klimaattop. Dy duoret oant 12 desimber. Automobilisten en frachtweinsjauffeurs moatte dêrtroch noch minimaal in moanne rekken hâlde mei files.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)