Petysje fan boargers oer Israelyske ferfierder

19 nov 2015 - 10:21

In groep boargers wol der by de provinsje Fryslân op oan om de konsesje foar it iepenbier busferfier foar Súdeast-Fryslân en de Waadeilannen net te gunnen oan EBS. Dat is in dochterbedriuw fan it Israelyske Egged. Dy fersoarget it busferfier tusken de Israelyske delsettingen yn beset Palestynsk gebiet en mei steden yn Israel. De groep boargers is mei in petysje begûn. Yn in pear dagen tiid binne der goed tûzen hantekeningen set. De petysje wurdt oanbean oan Deputearre Steaten.

De boargers wize ûnder oare op it Nationaal Actieplan Bedrijfsleven en Mensenrechten, dat oanjout dat oerheden gjin saken dwaan meie mei bedriuwen dy't minskerjochten skeine. De fraksje fan de SP yn Provinsjale Steaten hat oer dizze kwestje fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)