Sven Kramer net op de 1500 meter yn Salt Lake City

19 nov 2015 - 09:03

Sven Kramer docht freed by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City net mei oan de 1500 meter. De reedrider rjochtet him folslein op de tsien kilometer, dy't foar sneon op it programma stiet. Kramer sjocht in kombinaasje fan beide ôfstannen net sitten, omdat er dan te min tiid hat om útrêst te wêzen foar de tsien kilometer.

Jan Blokhuijsen sil Kramer ferfange. Sven Kramer kaam ferline wike by de earste wrâldbeker yn Calgary net fierder as it 19de en foarlêste plak op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)