Kollum: "It nijs fan de Bûten Post fan dizze wike"

19 nov 2015 - 08:49

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Achmea sil op syk nei in goeie fersekering tsjin skea dy't oanrjochte wurdt troch fallende gevelplaten. It Ljouwerter bedriuw oan de Willemskade oriëntearret him by ferskillende fersekeringsmaatskippijen op de mooglikheden hjirfoar. Woansdeitemoarn lieten troch de stoarm in pear gevelpaten los en foelen op strjitte. Achmea seit der net oan tinke te moatten as dêr ek slachtoffers by fallen wienen, mar soe it ek al hiel ferfelend fine as der blikskea ûntstean soe oan auto's. It Ljouwerter bedriuw wit noch net by watfoar fersekeringsmaatskippij it it bêste telâne kin.

De driging fan terreur by konserten stelt de organisatoaren dêrfan foar lêstige fragen. Optredens fan grutte bands freegje no safolle befeiliging dat it dreech wurdt om dizze trochgean litte te kinnen. De Kleasterkapel yn Sibrandahûs hat om dy reden besletten om U2 dêr foarearst net optrede te litten. Neffens de Kleasterkapel binne grutte bands mei safolle fans in ienfâldich doel wurden foar in oanslach en falt dêrom de feiligens hast net mear te garandearjen. Om dy reden sille ek Mumford & Sons, Coldplay, Editors, Foo Fighters, Rammstein, Muse en Metallica foarearst net optrede yn de Kleasterkapel.

Ut respekt foar de slachtoffers fan Parys hawwe ek de sirenes ôfrûne moandei om 12 oere in minút stil west. Dat hawwe de Fryske brânwachtkorpsen besletten. De brânwacht sprekt fan in wat ûngelokkige timing omdat moandei 12 oere dochs in bytsje de minút fan de sirene is, mar hat toch de sirenes in minút stilhâlde kinnen.

Foppe de Haan wol gjin persoanlike foarkar útsprekke, mar Gertjan Verbeek soe de ideale nije trainer wêze foar Sportklup Hearrenfean, tinkt er. De Haan soe Verbeek graach as trainer oanstelle, of as spiler opnimme yn de seleksje. As sintrale ferdigener soe Verbeek mei syn hurde mentaliteit in foarbyld wêze kinne foar de definsje. Op it middenfjild hat De Haan ek ferlet fan fersterking. Hy tinkt oan in type-Verbeek, dy't oersjoch hat, de linen útsette kin en oaren fuortstjoert en se sa better fuotbalje litte kin, sa tinkt De Haan. De trainer soe graach de foarhoede oanfolje wolle mei in pinchhitter, in stoarmram dy't de boel iepenbrekke kin. De Haan tinkt dêrby oan Gertjan Verbeek. Oer de bestjoerskrisis wol De Haan him fierder net útlitte, mar as mooglike foarsitter soe hy graach Gertjan Verbeek nei foaren ta skowe wolle. Dy soe mei in sterke eigen fisy en it fermogen om beslissingen doare te nimmen de ideale man wêze op dat plak. Dan soenen de supporters ek wer tefreden wurde kinne. As modelsupporter sjocht De Haan in no-nonsens man mei arbeidersmentaliteit dy't fan moai fuotbal hâldt. "Ik tink oan in man as Gertjan Verbeek", sa seit De Haan.  

It waar. De stoarm sil him stadichoan ôfsakje litte rjochting Dútslân en dêr fierder opfongen wurde. Op Europeesk nivo binne regearingslieders yntusken drok oan it oerlizzen hoe't se tenei foarkomme kinne dat in stoarm sa dwers troch Europa hinne lûkt. Ofspraken sille opnij besjoen wurde, mooglik sil der stranger kontrolearre wurde. Guon lannen tinke oan it bouwen fan hikken op de grinzen om de stoarm net binnen komme te litten".

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)