"Ljouwerter binnenstêd is te grut"

18 nov 2015 - 18:48

De gemeente Ljouwert sil net mear ynvestearje yn swakke winkelgebieten, mar wol yn stee de sterke gebieten fersterkje. Dat stiet yn in oerienkomst dy't wethâlder Henk Deinum woansdei ûndertekene hat mei minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken. De minister sil him ynsette om Haachske regels op dit mêd ienfâldiger te meitsjen. 

Sintrum Ljouwert moat lytser
"It is net hiel konkreet", seit wethâlder Deinum oer de oerienkomst, "mar it giet der om dat we serieus mei de binnenstêd dwaande binne. Dy is hillich foar ús." 

De Ljouwerter binnenstêd moat it kearnwinkelgebiet wurde. Dit kin bestjutte dat winkelbedriuwen dy't fierder fan it sintrum wei sitte, ferhúzje moatte.

Binnenstêd moat oantrekliker makke wurde
Der binne hieltyd minder winkels en it liket derop dat dizze trend trochsette sil, seit de wethâlder. "Miskien dat ien op de trije winkels der oer tsien jier wol net mear is." Dat jout leechstân. Dy is der no ek al, en dat jout de wethâlder "in unheimlich gefoel." "Wy binne al fjouwer jier hurd oan it wurk om de binnenstêd oantrekliker te meitsjen. Yn 2018 wolle we der tiptop foar stean. It is posityf dat minister Kamp him hjir no ek foar ynset."

De Ljouwerter ried sil yn maart 2016 gear oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)