FIDEO: By de brânwacht giet ek wolris wat mis

18 nov 2015 - 18:07

Ek by de brânwacht giet wolris wat mis. De helptsjinsten wiene ûnderweis nei in ynsidint, mar bedarren sels yn in sleat by Aldegea (Smell.). De brânwacht hat sels somtiden ek help nedich.

De brânwachtauto bedarre mei ien fan de tsjillen yn de berm en kantele dêrnei. Dat wie op in pear hûndert meter fan de einbestimming. De brânwachtminsken kamen mei de skrik frij. 

De auto fan 20 ton moat fuortsleept wurde, mar dat is noch in hiele operaasje. Hoe grut de skea oan de brânwachtauto is, en hoelang't dy net brûkt wurde kin, moat bliken dwaan as de auto út de sleat takele is.

Trefwurden: 
brânwacht ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)