Keningsbrêge Harns wer frijjûn nei ûngelok

18 nov 2015 - 17:40

Ferkear kin wer oer de Keningsbrêge op de N31 by Harns. De brêge wie woansdeitemiddei in skoftke ôfsletten foar ferkear. Op de brêge wie troch ûnbekende oarsaak in kontener fan in frachtauto fallen, dêrnei is der in auto tsjin de kontener riden.

Oft der ek minsken ferwûne rekke binne is net dúdlik, wol is der in ambulânse oproppen.

Trefwurden: 
Koningsbrug N31 Harlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)