Byienkomst foar kristenen en moslims yn Wolvegea

18 nov 2015 - 16:59

De tsjerken yn Wolvegea komme yn aksje tsjin it geweld yn Parys. Se binne bot rekke troch wat dêr bard is. Dêrom ha de kristlike en islamityske mienskippen besletten om presys in wike nei de oanslaggen mei-inoar in byienkomst te hâlden, mei as tema 'Samen voor Vrede en Veiligheid'.

Net allinne foar de slachtoffers yn Parys dus, mar ek tsjin geweld op oare plakken yn de wrâld. Kommende freedtejûn om sân oere is de Sint Fransiskustsjerke yn Wolvegea iepen foar elkenien dy't der by wêze wol.

"Wy fiele ús ferbûn mei de slachtoffers yn Parys, en op safolle oare plakken yn de wrâld", seit predikant Klaas Jelle Faber fan de protestantse gemeente yn Wolvegea. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan de byienkomst kommende freed. "It sil gjin tsjerketsjinst wurde," seit er, "mar minsken dy't dat wolle kinne wol in kears oanstekke, of op in oare wize stilstean by it geweld. Wy sykje nei ferbining. We moatte ús net útinoar spylje litte."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)