Brânbrief nei Keamer om ferdwinen rjochtspraak út Fryslân

18 nov 2015 - 16:45

De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe grutte soargen oer de takomst fan de rjochtspraak yn Ljouwert. Folle mear rjochtsaken as ôfpraat, ferdwine nei Grins ta.

Kommissaris fan de Kening Jorritsma en boargemaster Crone fan Ljouwert skriuwe dat yn in brânbrief oan de Twadde Keamer. Se stelle yn de brief dat net út te sluten is dat de rjochtspraak úteinlik út de Fryske haadstêd ferdwynt en nei Grins ta gean sil.

Ek hawwe Jorritsma en Crone soargen oer it gerjochtshôf. Se binne benaud dat der yn de takomst te min heger beropssaken yn Ljouwert plakfine sille en dat dit ten koste giet fan banen. Takom wike praat de Twadde Keamer oer dit ûnderwerp.

Advokaten reizgje no al geregeld nei Swol, Grins of Almelo foar de ôfhanneling fan in saak. En dat wurdt allinnich noch mar slimmer. Dy soarch ha Fryske advokaten. Se stypje de brânbrief fan Kommissaris fan de Kening John Jorritsma en boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert dan ek. Advokaat Tjalling van der Goot pleitet foar in fisy op de rjochtspraak op langere termyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)