Man ferstoarn yn Aldegea (Smellingerlân) nei fal yn put

18 nov 2015 - 15:11

Op in bouplak oan de Hegewarren yn Aldegea (Smellingerlân) is woansdei in man om it libben kaam, doe't hy yn in put foel. Dat meldt de plysje. Oer hoe't dat gebeure koe is noch gjin ynformaasje jûn. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk.

Brânwachtauto rydt de sleat yn
Wol wie der in komplikaasje by de helpferliening. Ien fan de brânwachtauto's dy't oproppen waard, bedarre mei ien fan de tsjillen yn de berm en kantele dêrnei. Dat wie op in pear hûndert meter fan de einbestimming. 

De brânwachtminsken kamen mei de skrik frij. Der is in ferfangende auto oproppen, mar dy moast hielendal út Grins komme.

Neffens de brânwacht hat it ynsidint mei de brânwachtauto gjin ynfloed hân op de dramatyske ôfrin fan it ûngelok. De brânwachtauto fan 20 ton moat fuortsleept wurde, mar dat is noch in hiele operaasje. Hoe grut de skea oan de auto is, en hoelang as dy net brûkt wurde kin, moat bliken dwaan as de auto út de sleat takele is.

Trefwurden: 
fal ûngelok brânwachtauto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)