VVD hat fragen oer djoer eintsje glêsfezelkabel

18 nov 2015 - 14:20

De VVD-fraksje yn Ljouwert freget him ôf wêrom't telekombedriuwen mear as 18.000 euro betelje moasten foar in glêsvezelkabel fan 10 kilometer. Neffens de fraksje is Ljouwert dêrmei 30 kear djoerder as in stêd as Den Haach en sels 44 kear sa djoer as Amsterdam. Troch dy hege tariven driget it brûken fan fluch ynternet foar konsuminten en bedriuwen neffens de fraksje in kostbere saak te wurden.

Neffens de VVD moat de gemeente it ynternet net as melkko brûke. Se wolle dan ek dat Ljouwert de tariven ferleget.

Trefwurden: 
glêsfezelkabel VVD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)