Doeksen past ek de tsjinstregeling fan tongersdei oan

18 nov 2015 - 14:10

Rederij Doeksen past ek tongersdei in part fan de feartsjinsten oan. Dat wurdt dien fanwege de waarsferwachting. De sneltsjinst nei en fan Flylân komt op 'e neimiddei te ferfallen. Yn stee derfân fart der in gewoane boat om 17.00 oere fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere fan Harns nei Flylân. Doeksen moast dizze wike al faker tsjinsten oanpasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)