Ljouwerter hoarekaman Chris van den Berg stoarn

18 nov 2015 - 13:40

De bekende Ljouwerter hoarekaman Chris van den Berg is moandei ferstoarn. Van den Berg, benammen bekend ûnder syn bijnamme Kicki, wie benammen suksesfol yn de jierren '70 doe't hij eigener wie fan meardere hoareka-saken yn De Grote Hoogstraat yn Ljouwert. Letter hie hy yn dizze stêd ek in hotel oan de Verlengde Schrans, dat lykwols nea in sukses wurden is.

Oan 'e ein fan syn karriêre besocht Van den Berg mei in eigen politike partij Fris 2000 noch yn de Ljouwerter gemeenteried te kommen, wat him lykwols net slagge.

Van den Berg wie fierder ien fan de inisjatyfnimmers fan de IFKS en kaam yn it nijs doe't hy de memoires fan âld-boargemaster Loekie van Maaren-Balen ferskine liet. Letter brocht hy ek noch in karnevalsliet oer har út. Syn eigen biografy liet er yn 2007 troch publisist Klaas Jansma útbringe. Chris van den Berg is 74 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)