De mearkes fan Grimm no ek yn it Biltsk

18 nov 2015 - 08:09

De Bilkerts kinne fan tenei de mearkes fan Grimm lêze of foarlêze yn harren eigen taal. Woansdeitemiddei wurdt yn de bibleteek fan Sint-Anne de oersetting fan 15 mearkes presintearre as 'Sprokys fan Grimm in 't Bildts'. De oersettings binne makke troch Sytse Buwalda, it Taalburo Popkema soarget foar de útjefte.

Earder ferskynde der al in Fryske oersetting en neffens Popkema wurdt ek ûndersocht oft de mearkes ek yn it Grunnegers útkomme kinne. Ek binne der plannen foar in Hylper, Skylger, Stellingwerver en stedfryske fariant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)