Brânwacht rukt út foar stoarmskea

18 nov 2015 - 05:58

De stoarm dy't woansdeitenacht oer Nederlân raasde, hat sa't it no liket yn Fryslân net foar in soad skea soarge. De brânwacht moast útrukke foar stoarmskea oan de Alde Rykswei yn Akkrum, it Alde Ambacht yn Drachten, de Buorkerij yn Ljouwert, de Bredyk yn Stiens, de Koaibosk by Terwispel en by de Achmea toer yn Ljouwert. It giet neffens de brânwacht benammen om omwaaide beammen en dak- en gevelplaten dy't los waaiden.

It KNMI hat koade oranje ferlege nei koade giel, dat betsjut dat der noch hieltyd swiere wynstjitten foarkomme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)