Swiere wynstjitten: koade oranje foar Fryslân

17 nov 2015 - 22:36

Waarburo KNMI warskôget foar tige swiere wynstjitten yn de kustgebieten. Foar ûnder oare Fryslân jildt fan tiisdeitejûn 23.00 oere ôf koade oranje. Der kinne dan wynstjitten fan 100 oant 115 kilometer yn de oere foarkomme. Letter yn de nacht nimme de wynstjitten yn krêft ôf.

By koade oranje warskôget it KNMI foar omfallende beammen en losse tûken. Ek kin it waar soargje foar gefaarlike situaasjes op de dyk en op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)