De skries is fan no ôf de nasjonale fûgel fan Nederlân

17 nov 2015 - 20:00

De skries is troch it Nederlânske publyk keazen ta nasjonale fûgel. De ferkiezing is organisearre troch it VARA-programma Vroege Vogels yn gearwurking mei Vogelbescherming Nederland. Sawat in kwart fan de yn totaal 41.669 stimmen is nei de greidefûgelsoart gien. De swarte lyster einige op it twadde plak en tredde waard de húsmosk.

De measte lannen ha in fûgel as nasjonaal symboal. Nederlân hie dat oant no ta net. Dat wie foar Vroege Vogels en de fûgelbeskerming de reden om de ôfrûne moannen dizze ferkiezing te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)