Besikers ynformaasjejûn Harns strang kontrolearre

17 nov 2015 - 19:52
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Besikers fan de ynformaasjejûn yn Harns oer flechlingen wurde strang kontrolearre foardat se nei binnen meie. De ynwenners fan de gemeente ha allegear in persoanlike útnoeging krigen foar de besletten byienkomst. Allinnich mei dizze útnoeging en in identiteitsbewiis kinne de minsken binnen komme. Dit is dien om de feilichheid te garandearjen. Inkele hûnderten minsken binne op de jûn ôfkaam.

Earder is in byienkomst om dy reden net trochgien. Sawol binnen- as bûtendoar is plysje oanwêzich.

(advertinsje)
(advertinsje)