Skylge wol sterke mienskip; bewenners meie meiprate

17 nov 2015 - 15:36

De gemeente Skylge wol de kommende jierren ynsette op in sterke mienskip, in weardefolle omjouwing en in duorsume ekonomy. Dat stiet yn de takomstfyzje, dy't boargemaster en wethâlders de gemeenteried foarlizze. Dy praat der ynkoarten oer.

It plan is opsteld yn oerlis mei in groep eilanners, maatskiplike organisaasjes en saakkundigen fan bûten Skylge. De oare eilanners kinne der ek oer meiprate, se kinne oanjaan wat se de belangrykste punten fine of sels noch ideeën ynbringe.

De takomstfyzje wurdt úteinlik yn maaie takom jier definityf fêststeld.

Trefwurden: 
Skylge mienskip takomsfyzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)